Roeilied Tréwes 3

Gebruikerswaardering: 0 / 5

Ster inactiefSter inactiefSter inactiefSter inactiefSter inactief
 

'k Bin sjauffeur fan de famkes.......

Refrein:
Bin de sjauffeur fan de famkes út de sloep,
hast alle sneonen nei in wedstryd - mei de hiele roeiersgroep.
Ik bin sjauffeur fan dit soadsje efteryn,
ik bring se meastentiids te plak,
eltse sneon yn waar en wyn,
'k bin sjauffeur fan de famkes
sjauffeur fan de famkes
sjauffeur fan de famkes-roeiers-groep!

---------------------------------------------------

Fan 'e moarn om healwei seizen - rint myn wekkerke wer ôf,
stap út de koai - en sjit gau yn'e klean.
Earst mar melke - dernei dûse - doch myn bôlle yn 'e tromp
bin alwer klear - om op 'n paed te gean.

Siz 'oant jûn' tsjin it wyfke - doch de doar efter my ticht,
gean ûnderweis - moat hjoed nei Lelystêd.
Draai de kachel mar wat heger - helje de famkes op
en jou wat gas - oars komme wy te let.

Refrein

Bin' wy krekt foarby it 'Fean - jowt de earste har al del,
is altyt sloech - en docht har doppen ticht.
In oar hat mopkes bij de fleet - fansels wer oer de seks
ja, sy hat ivich - in smile op har gesicht.

Nûmer trije sit te stinnen - op alwer in dikke skeet,
it rútsje iepen - dy beantsjelucht der út.
It is hjir net te hurdzjen - 'do likest wol ferrotte
no net wer - want dan skop ik dy derút!'

Refrein

Krekt foarby de Lemmer - om in bakje by de pomp,
ien moat pisje - in oaren moat wat mear.
Nei in skoftsje faai ik dan - it spul wer bijelkoar
it lêste slokje - en dan steane wij wer klear.

Nei in dik healoere - kinne wij it wetter op,
de froulje skuorre - wer as liuwen oan de riem.
Roeie dan de hiele dei - meer as tûzend slach
en bin' hast altyd - bij de bêsten mei foaryn!

Refrein 2x

Overzicht nieuws & verslagen

Meld je aan op de nieuwsbrief:

Sloeproeivereninging Tréwes
Rakswâl 68491 CP AKKRUM
Email: bestuur@trewes.nl