Jaarverslag 2012 Tréwes 3

Gebruikerswaardering: 0 / 5

Ster inactiefSter inactiefSter inactiefSter inactiefSter inactief
 

Oerstjoer.

Begjin dit jier wienen de froulje van de Tréwes trije wat oerstjoer, wy sieten nammentlik sûnder stjoerman. John hie in de winter sein dat hy him wer talizze woe op it follybal en mei in lytse strobbe op komst soe it drok genôch wurde. Wol woe hy de HT nog stjoere en ynfalle as it nedich wie. Tiidens it jubileumfeest rûn ik Harmen stjin it liif. Há, dit soe in geskikte kandidaat wêze kinne foar ús fakatuere. Niet geschoten is altijd mis, dat ik luts de stoute skuon oan om Harmen te freechjen. It antwurd wie dat ik him altyd even belje koe. Ik liet der gjin gers oer groeie en moandei hong ik fourt en daadliks oan de tillefoan. Harmen sei ta dat hy op woansdei wol stjoere woe. Foar de moandei koenen wy altyd in berop dwaan op Gerrit, John of Rinse Jan. Die woansdei mocht Harmen ús fan Aldeboarn nei Terherne stjoere, foarsichtig frege hy nei ús ambities foar dit jier. Dêrop antwurden wy by de earste tsien soe moai wêze. Harmen skodde noch krekt de holle net, mar hy tocht it wol: hjir lei nog in mooie útdaging, want wy roeiden as kranten.

De earste wedstriid wie op 21 april de slag om de Zaan. Hjir siet John oan it roer. It wie de fjoerdoop foar Carien. Dit kear moasten wy yn de moarn roeie en de manlju yn’e middei. Nei it kranen koenen wy ús efkes profisorisch opfrisse. Sadre de mannen foarby wienen setten wy, yntusken kâld as in bok, ôf nei in Grand cafe. Hjir waarden wy wer in bietsje minsk, noflik bij de kachel yn grutte setels mei lekkere hapkes. Dan de útslach, 16de, konklúsje, it kin alinne noch mar better wurde!

Op 28 april moesten wy yn Grou los. It waaide alderferskuorendst hurd en it gong knap tekear op de Pikmar en de Wide Ie. Mei John oan it roer moesten wy de elementen oerwinne. Ik hie myn twifels oft wy wol foarút kamen mar oan de púnbrokken beton in de ûnderwal van de Wide Ie koe ik sjen dat wy stadich oan wat meterkes pakten. Doet wy bij de earste slus kamen siet it dreechste stik derop. Bij it twadde slúske batsten wy boppe op de froulje van Hjoed ’n Makkie 1. Al wrakseljend gongen wy hjir troch hinne. Wêrby John derfoar soarge dat wy net in centimeter verlearen. Bij de Headaambrêge hienen wy wer pech, der kaam krekt in frachtskip van de oare kant troch it brêgegat. Wy binnen oars net gau benauwd mar dit skip wie krekt in maatsje te grut. Nei 2 oere 41 minuten roeien kamen wy oer de finish, dit wie oppenij goed foar in 16de plakje.

Tidens de lêste training foar de HT skrokken wy ûs nog de rambam. Nei it kommando fan John dat wy allegear de riemen wol opromje koenen en hy mei it roer de sloep wol te plak stjoere koe, siet hy
efkes letter mei it helmhout yn de hânnen, troch rusk folledig trochrotte. In gelok wie dat it no barde en net tiidens de HT.

Op 18 maaie moest de HT roeit wurde. Fanwege de betide start oernachte sawat it hiele team alfêst op it skip yn de haven van Harns. Stjoer John en Suzanne moasten op de dei self nog van Skylge komme. Om 8,05 wie it startskot om vervolgens 3 oeren en 58 min letter op Skylge te finishen. In machtig mooi wiekein folge wêrbij wy op de sneon moai sylt hawwe op dy Abt fan Starum. De jûns bij de priisutrikking die bliken dat wy 9de wurden wienen.

Dan sil op 9 juni bij de Kaag Harmen syn wedstriiddebut hawwe bij it stjoeren van de froulje. It waait dat it rikket en de rees is ynkoarten. Nei in massastart, mei lange slagen foar de wyn, setten wy út ein. Dat hjirnei krekt sa’n selfde stik yn’e wyn op folget koenen je op je fingers nei gean. Dochs slagge it ús knap om mei in koarte slag tempo te hâlden, wêrby wy sels Kromhout-whalers in hellen. Dit joech in machtig gefoel. Yn’e wyn op in lieten wy it wer wat lisse, mar mei ûs 7 de plakje wienen wy dik tefreden.

Op 23 juni mei Gerrit oan it roer troch de greften fan Swol, in neije wedstriid foar it hele team. De roete wie lêstig, in protte smelle stikken en brêgen wêrtroch wy net lekker yn ûs eigen tempo roeie koenen en der somstiiden sprake wie fan filefoarming. Dit wie yn it resultaat werom te sjen: in 12 de plakje.

Op 30 juni koenen wy de smoarge bijsmaak fan Swol wer ferjitte troch yn Terherne acte de présence te jaan. Foar de froulje in net nomineare wedstriid. Mei Harmen oan it stjoer gongen wy oer it ús sa bekinde wetter. Mei flinke pûsters op de Snitser Mar wiene wy wer hielendal yn ús element. In 3 de plakje.

Doe stie op 21 juli Bruinisse op it programma. Mei roeister Lisette fan Grou koenen wy ús team kompleet meitsje. In grut deel van it team wie freedejûns mei Harmen al ófsetten nei Seelân. Nei in oernachting in de jeugdherberch wie der dy moarn gjin stress foar it starten. It wie in saaie drege rees wêrby wy de sloep net lekker op gong kriigen. Toch mocht Harmen de 7 de priis in ûntfangst nimme fan Miss Mossel mei de gebrûklikke túten derbij. Toen Harmen yn de jûn thús kaam sei Idske, wat hast do op dyn gesicht sitten? Wie it de plamuur van miss mossel dy’t yn Harmen syn burd fan in dei hingjen bleaun wie! Hjirnei hat er it brune guod ûnder de brûs mar gau troch it putsje spielt.

Nei de simmerstop wie op 15 sept de Veerse Mar de earste nomineare wedstriid. Rûnom it tema Flower Power hienen wy al wylde ideeën. Wy soenen blombakken mei geraniums of oare blomkes oan de ranne hingje en de sloep mei blommen beplakke. Mei ús roeisters as “jonge blommen” soe Harmen ferklaeid yn in griene overal en in reade amer of mûtse op’e kop de Pokon foar ús team wêze. Spitich genôch krigen wy de besetting net rûn en moasten wy Veere ôfsizze.

Op 22 september stie Makkum op de agenda. Wy hoegden de middeis pas te roeien, mar wy wienen moarns al te plak om de mânlju oan te moedichjen. Neidat sy finisht wienen dy wol bliken dat it in drege striid wurde soe op de Iselmar. Gelukkig hienen wy good old Gerrit wer oan it roer en mei him wisten wy as 5de te eindigjen. Twa wike letter op 6 oktober mochten wy yn Langwar los. Lokkich genôch waard it waar stadich oan better sadat wy ûnder goeie omstandigheden mei Harmen oan it roer dizze nije wedstriid roeie koenen. Op dat stuit wie net eltsenien like fit en siet der net meer yn das in 8ste plak.

Dan de lêste en tsiende wedstriid fan 2012, 13 oktober, Amsterdam. Dit kear in nije roete dy’t stjoer Harmen goed in syn snotsje hie. It wie fys kâld waar en sels Harmen syn mûtse koe net foarkomme dat ér kâlde fuotten krych. Nei 2 oeren en 54 minuten roeien in tsiende plak.

Oer hiel 2012 wie de útslach pas yn 2013 bekend. Tréwes 3 hat yn it algemiene klassement in 7 e plak.

Thea Boersma

Overzicht nieuws & verslagen

Meld je aan op de nieuwsbrief:

Sloeproeivereninging Tréwes
ADRES:
Alexander Steijsiger
Jikke Benedictusstraat 6
8495 SE Aldeboarn
Email: bestuur@trewes.nl