Jaarverslag T1 2010

Gebruikerswaardering: 0 / 5

Ster inactiefSter inactiefSter inactiefSter inactiefSter inactief
 

Yn maart, nei it slepen fan de Tréwes 1, bliek de sloep folle lichter te roeien, yniens gong it wer better as ferlyne jier. It is wol núver, je sette de sloep in winterskoft op de kop by Teije yn de skuorre. Der skite wat fûgels op. Fuort wurdt de c-waarde better. De trainingen fan ús team binne dit jier dúdlik better west as yn 2009. Twa kear yn'e wike it wetter op en hast altiten te boat fol. Eins begûn de training al ein jannewaris.

We binne op hichtestage west yn de Östenreichische alpen. Goed ite, goeie snie en nijskierige apres-ski. Jan hie in moaie ski-bril oanbieding kocht, twa foar de priis fan ien. Mar Jan wist net dat je dan dus noch gjin dûbel glês hawwe. It gefolch wie in pear skeinde ribben en gjin basisplak yn de sloep.

Fol goed moad teagen wy nei IJmuiden. It resultaat fan dizze earste wedstriid wy no net daliks om nei hûs te skiuwen. Een tolfte plak, dat 'Flammen', wat wie dat ek alwer. Dat moast dus mar yn Grou wêze. It wie de earste waarme dei fan it jier. Se lykje der dêr yn Grou in gewoante fan te meitsjen. Dat waarme waar is aardich foar it publyk, mar foar it roeien mei it wol in graadsje minder. De stijgende lijn wie ynsetten, we waarden 10e dêr. Yn Lemmer waard dizze lijn trochset mei in 9e plak.

Doe kaam de HT race. Wie dat de útdaging fan Tréwes 1 yn 2010? Om troch it Skuitegat te kommen wie al in útdaging. De sloep kaam goed fêst te sitten. Oars hie in bettere klassering der wol yn sitten. In 15e plak is better as ferline jier, mar it hie better kinnen. De trainingen hawwe hat doel wol berikt. Yn de ferslagen fan ús oare teams komme de belevenissen op it eilân fêst werom, ûndertekene wie dêr net by, sadwaande.

Twa wiken letter alwer gienen wy op nei Zaandam. Roeie ûnder de reek en stank fan it kakou-fabryk. Theo seach hjir in privé-útdaging. Hy besocht mei de rym troch it remwurk fan in brêge te slaan. De resten fan de peddel hawwe noch lang yn de sloep lein. Yn Zaandam waarden wy ek 9e.

Hylpen waard in swiere tocht. De wyn wie hurd en súdwest. Yn in oanpaste koers wie it ncoh in hiel lijen om troch it dûnsjende skom en de hege weagen te kommen. It resultaat wie wol in 6e plak.

De thûsstriid kaam begjin juli. It wetter om Terherne moast foar ús wol te dwaan wêze, mar in 11te plak foel wat ôf. Mar leit him dat oan ús of oan de oaren? Dat lêste tinke wy. Dat eilandsje op de Sâltpoel, in pôle reit, mear is it eins net. As elke sloep dêr no ek oerhinne gie soe it wol wat earliker wurde. De Kaag is ek wer in potentiele útdaging. Fier yn it westen fan Hollân roeiden wy nei in 7e plak. Net gek!

Nei in lang simmerskoft hawwe wy in nije race roeid by Langwar. De hjerst wie al lang dwaande mar it like wol simmer. De omropster by de start mei har sexy tillefoanstim, it waarme nauwe sletsje. Eins is it net sa raar dat RJ de rêch derop stikken roeide. Giet it alwer wat better? Wy hellen de 8e plak.
Op it lêst wie dêr de striid yn Amsterdam. Lykas elk jier een hiel barren yn de greften. Op'e nij gong in rym midstwa. De tsiende plak wy net om'e nocht.

Mar wat wie no de útdaging? De dames hawwe 64 oeren efterelkoar roeit, mar ús team hat ûteinlik wat oars fûn. De kiel der ôf, dat is ús útdaging wurden. Ek dat sil wol in klus fan 64 oeren wêze. Kommend jier sûnder problemen troch it Skuitegat, dat soe wat wêze.

Duco

PS, ik hoopje dat ik myn fyts jûn net op'e nij út de loft hoech te heljen.

Overzicht nieuws & verslagen

Meld je aan op de nieuwsbrief:

Sloeproeivereninging Tréwes
Rakswâl 68491 CP AKKRUM
Email: bestuur@trewes.nl