Sloeproeivereniging Trewes Friesland

Grou T1

Ster inactiefSter inactiefSter inactiefSter inactiefSter inactief
 

Grou 2012 T1
Rein rein rein, it falt mei bakken út de himel as wy fuort sille. Us jierliks fytstochtsje falt sa dus yn it wetter, al dat focht is net goed foar de fyts, sa moatst mar tinke. Earder yn de wike wienen de sloepen al nei Grou roeit en dat skeelt in hiel soad wachttiid by de kraan. Wol sa noflik. 
De start is wat rommelich, wy lizze trije minuten foar it startskot noch fêst oan de kade. As de noed oan de man komt blike wy mannen ynienen tige goed yn it multitasken te wêzen. De goede rym fine, drinken delsette, omklaaie en slap ouwehoere, alles koe tagelyk en kreas op tiid leinen wy neist de Brijbek. Prima fuort en al yn in minuut de Brijbek foarby. De Pikmar en de Peanster- en Wide Ie wienen bêst pittich, skean yn de wyn oer flinke weagen. Brûzend wetter oer de bealch, oan de lege wâl wol dat wol. Hjir en dêr in sloep ynhelje en sa op de slúskes ôf. De Sterke Sytse koe der net mear foarby. Prima dien, AG. De slúskes nei de Kromme Ie wienen wat lestiger. De dames foar ús kamen net krekt troch it gat en wy joegen har in setsje, leinen dus self stil en waarden troch de stroming weromtreaun. Flot wer op wei en gau nei de Headaamsbrêge. De ferhipte Brijbekken koenen wy oant dêr net echt kwytreitsje, mar fanôf dêr begûn it better te rinnen. Noch in skepke der by om de T3 dames yn te heljen. Dat slagge by it PM-kanaal en doe op nei de meet. De eintiid (2h28:54) wie goed foar in 5e, ehm of is it it 14e plakje.
Wat sille wy dwaan, flink oan de slach of wachtsje op de nije rimen?
DK

Sloeproeivereninging Tréwes
ADRES:
Harmen van Meekeren
Easterboarn 5
8495 NB Aldeboarn
Email: bestuur@trewes.nl

Privacy verklaring